Let op: om deze website goed te kunnen gebruiken is het noodzakelijk om Cookies aan te zetten. Meer informatie...

Shit my mar lek[e-boek e-boek]

Meindert Bylsma

Shit my mar lek
Dit is een ePub2 ePub2 e-boek
Prijs: € 6,-
Voorraad#stock_type# onbekend
Let op: dit is een ePub2 ePub2 e-boek
Bestel je voor het eerst een digitaal product? Lees dan eerst de informatie over het bestellen, downloaden en gebruiken van digitale producten!
(Geen beoordelingen)
Delen:
Productspecificaties
EAN : 9789089543653
Auteur(s) : Meindert Bylsma
Taal : Fries
Onderwerp : Literaire roman, novelle
Thema : Fictie: algemeen en literair
Uitgever : Elikser B.V. Uitgeverij
Verschenen : December 2014
Uitvoering : E-boek
Conditie : Nieuw
Pagina's : 134
Beschrijving

Trije wat âldere manlju wurde op ferskillende plakken dea oantroffen. De plysje besiket út te finen wêromt se `lek sketten binne. In sitaat by it finen fan ien fan de manlju: `Selsmoard, dat hie it moaiste west, dat joech minder rompslomp... Mar ja dat kaam net yn de beneaming. Is it boek in misdieroman? Dat soe sa mar kinne. In oar ferhaal begjint mei: Der wie ris in lân dat Dellân hjitte. Krekt as yn in mearke. In mearkeboek? Dat soe ek kinne fansels. Troch it ramtferhaal binne allegearre oare ferhalen frissele dyt de lêzer geregeldwei op e doele bringe. It sintrale tema dat de skriuwer oansnijt is de `minne situaasje fan it Frysk. Hy is der op in seldsume wize yn slagge de toan licht te hâlden, of is dat mar skyn?
Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1998.

In wûnderlik ludyk boek, fol mei yn parabels en ferhalen ferpakte krityk, mar tagelyk iroanysk en humoristysk.
Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant

Alles yn dit boek, fan mearke oant misdie, hat te krijen mei de delgong en de driigjende ûndergong fan it Frysk.
Sjoerd Bottema yn Trotwaer

Dit boek is dúdlik in gefal fan literêr eksperimint: alles is tastien.
Babs Gezelle Meerburg yn it Friesch Dagblad
Meindert Bylsma (1941) waard berne yn Wergea. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer en joech in skoft les om utens. Pleage troch ûnwennigens kaam er al gau wer yn Fryslân (Kimswert) werom. Bylsma bleau oant syn pensjonearring learaar Nederlânsk en nifeljen yn Harns. Hy is de skriuwer fan in grut oeuvre, sawol poëzij as proaza, mei in opfallende kombinaasje fan boartlikens en earnst.

Velden met een * zijn verplicht