Let op: om deze website goed te kunnen gebruiken is het noodzakelijk om Cookies aan te zetten. Meer informatie...

De smearlappen[e-boek e-boek]

Anne Wadman

De smearlappen
Dit is een ePub2 ePub2 e-boek
Prijs: € 5,-
Voorraad#stock_type# onbekend
Let op: dit is een ePub2 ePub2 e-boek
Bestel je voor het eerst een digitaal product? Lees dan eerst de informatie over het bestellen, downloaden en gebruiken van digitale producten!
(Geen beoordelingen)
Delen:
Productspecificaties
EAN : 9789089544155
Auteur(s) : Anne Wadman
Taal : Fries
Onderwerp : Literaire roman, novelle
Thema : Fictie: algemeen en literair
Uitgever : TDE
Verschenen : April 2012
Uitvoering : E-boek
Conditie : Nieuw
Pagina's : 57
Beschrijving

De smearlappen is de iepenhertige bycht fan in jonge frou, Deboara Eelkje Lyklama Taconis, dy't langet nei frijheid en fiere fierten. Se wennet allinne mei har heit, in `gelearde boer', dy't hielendal opgiet yn syn genealogyske hobbys. Op in jûn komt in jongkeardel oan de doar om in ammerke molke. It is Wilte Akkerbol, ien fan fjouwer bruorren dy't mei har arkje yn de buert lizze foar baggerwurk. Eelkje slacht him oan de heak mar wurdt it slachtoffer as de bruorren har der mei bemuoie. Har heit blykt by einsluten de grutste smearlap.
Doe't De smearlappen yn 1963 ferskynde, joech dat gâns opskuor. De auteur skreau foar dy tiid frijmoedich en ûntheisterjend oer seks. It boek waard in bestseller en in Nederlânske útjefte ferskynde by Bruna. Dizze sânde printing is de yntegrale werjefte fan de sechsde út 1983, mei ynbegryp fan de tekeningen dy't Gerrit Breteler op fersyk fan de auteur makke hat.

Wat my it meast boeid hat by it op 'en nij lêzen fan De smearlappen is de styl fan skriuwen. Wadman hâldt konstant de gong deryn, mei in treflike ôfwikseling fan woede, fertriet, sarkasme, spot, selsspot, allegearre to the point ferwurde en krekt dosearre.
Tiny Mulder oer de sechsde printing yn it Friesch Dagblad

Eelkje is op syn minst fyftich prosint skuldich oan it drama en ik leau dat dat by Wadman it revolúsjonêre is, dat De smearlappen sa populêr makke hat. Eelkje is in geile boeredochter en dat mocht net yn de Fryske eroatyske tradysje (Kloosterman, Brolsma).
Steven H.P. de Jong yn Ta in hichte of de balke yn eigen each

Velden met een * zijn verplicht