Let op: om deze website goed te kunnen gebruiken is het noodzakelijk om Cookies aan te zetten. Meer informatie...

Imitaasjelear[e-boek e-boek]

Jitske Bilker

Imitaasjelear
Dit is een ePub2 ePub2 e-boek
Prijs: € 7,-
Voorraad#stock_type# onbekend
Let op: dit is een ePub2 ePub2 e-boek
Bestel je voor het eerst een digitaal product? Lees dan eerst de informatie over het bestellen, downloaden en gebruiken van digitale producten!
(Geen beoordelingen)
Delen:
Productspecificaties
EAN : 9789089543738
Auteur(s) : Jitske Bilker
Taal : Fries
Onderwerp : Literaire roman, novelle
Thema : Fictie: algemeen en literair
Uitgever : TDE
Verschenen : April 2012
Uitvoering : E-boek
Conditie : Nieuw
Pagina's : 203
Beschrijving

Anke Stevens is yn in beskerme milieu grutbrocht dêr't it kristlik leauwe it fûnemint is fan it bestean. Se wol har net deljaan ûnder it gesach fan har âlden en ûnder ynfloed fan har hertsfreondin Margreet skuort se har los út in fermidden fol beheinings. Op har reis nei folwoeksenens lit se in spoar fan mislearre relaasjes nei. Se wit net hoe't se har bine moat en flechtet fan de iene relaasje yn de oare. Se brekt net allinne mei thús mar letter ek mei har âlde freonen. Se komt úteinlik sels ta de ûntdekking dat se mei Margreet brekke moat.
Jetske Bilker hat foar har debútroman in nijsgjirrige struktuer keazen, mei in ferdieling yn twa parten, wêrby't it twadde part in soarte fan spegeling foarmet fan it earste. Se krige yn 1990 de Fedde Schurerpriis foar Imitaasjelear. Dizze twadde printing is in werútjefte fan de earste printing út 1988.

Imitaasjelear bringt de iensumheid, doelleazens en ûnwissens fan in opgroeiend famke tige skerp oer.
Jitske Kingma yn Trotwaer

Jetske Bilker skriuwt goed, soms mei humor en snedige waarnimming.
Anne Wadman yn Frysk en Frij

Jetske Bilker is bysûnder goed yn de beskriuwing fan de gewoane deistige dingen, sûnder dêrmei yn it nearzige realisme te ferfallen dat sa faak it skaaimerk is fan jonge Fryske skriuwers
Jelma Sytske Knol yn Hjir

Velden met een * zijn verplicht